Breg

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Boarne fan de Breg yn Furtwangen
Gearrin fan de Brigach (efterrjochts) mei de Donau

De Breg is de langste boarnerivier fan de Donau.

De Breg ûntspringt yn it Swarte Wâld, op in hichte fan 1078 m, ûnder Furtwangen, yn de Dútske dielsteat Baden-Wúrtemberch. Nei 49 km rint se yn it stedsje Donaueschingen gear mei de Brigach en foarmje sy tegearre de Donau.

It streamgebiet fan de Breg beslacht 291,2 km² en de boarne leit op mar sa'n 100 meter fan de wetterskieding tusken de Ryn en de Donau (de saneamde Europeeske wetterskieding). Sa'n 900 m fierderop ûntspringt de Elz, dy't yn de Ryn útmûnet.

De Breg is sa'n 6 km langer as de Brigach (de oare boarne fan de Donau), dat sy kin beskôge wurde as de wiere boarne fan de Donau.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen