Brammershoop

Ut Wikipedy

De Brammershoop is in goeddiels ôfgroeven hichte op it Ellertsfjild by it Drintske doarpke Eeserveen yn de gemeente Börger-Oring. Yn 1900 lei de Bramershoop 20,4 meter boppe NAP, hjoeddeis 16,9 meter. By de bult lâns rint de Brammershoopstrjitte.

De plakken Ellertsveld en Brammershoop binne ferbûn mei de bekende Drintske sêge fan Ellert en Brammert, twa reuzen dy't op de heide wennen en foarbygongers berôven en ek wol fermoarden. De Ensyklopedy fan Drinte Online skriuwt dat it Ellertsfjild en de Brammershoop ferneamd binne nei de rôvers; neffens ûndersiker fan folksferhalen Ruben Koman binne de nammen fan de rôvers nei alle gedachten optocht nei oanlieding fan de net mear begrepen ierdrykskundige nammen Ellertsveld en Brammershoop.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: