Brúnoker Groukopke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Brúnoker Groukopke
Thymelicus sylvestris 01-08-2005 12.56.24.JPG
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Groukopflinters (nymhalidae)
soarte
Thymelicus sylvestris

It Brúnoker Groukopke (Thymelicus sylvestris) is in soarte yn it skaai fan de Lytse Groukopkes (Thymelicus).

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

It Brúnoker Groukopke is in algemiene stânflinter. Hy hâldt fan droege greiden, boskrânen en stikjes gers yn 'e bosk. De soarte komt foaral foar yn it easten fan Nederlân. It is in honkfêste soarte.

Op de reade list stiet de flinter as net bedrige.

It Brúnoker Groukopke fan de foarkant.

Flinter[bewurkje seksje | edit source]

De wjuklingte is likernôch 12 oant 15 mm. De boppekant fan de wjukken is ljochtbrún mei giel sûnder tekening. De wjukpunt hat faak in oare kleur, faak is dat grien-brún.

Fleantiid[bewurkje seksje | edit source]

De flinter is te sjen fan healwei juny ôf oant ein augustus, foaral tusken 10 en 30 july. Fleant altyd yn 1 generaasje.

Rûp[bewurkje seksje | edit source]

De rûp kin 25 mm lang wurde. It liif is gersgrien mei in wytgriene line oer de rêch en de sydkant. De kop is gieleftich mei grien. De rûp oerwintert as healwaaks rûp. Se meitsje in kokon yn in toarre gersstâle. Yn 'e maaitiid en yn de foarsimmer begjinne de rûpen mei frette en groeie.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

It Brúnoker Groukopke fan de ûnderkant.