Brún Groukopke
| Brún Groukopke | ||||||
|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||
|
||||||
| soarte | ||||||
| Erynnis tages |
It Brún Groukopke (Erynnis tages) is in soarte yn it skaai fan de Stofwjukgroukopflinters (Erynnis).
Ynhâld |
Foarkommen [bewurkje seksje]
De flinter is slim bedrige. De Brune Groukopkes komme allinnich noch foar yn Súd-Limburch. Se hâlde fan droege skrale greiden en rûchten. It is in honkfêste soarte.
Op de reade list stiet de flinter as slim bedrige.
Flinter [bewurkje seksje]
De wjuklingte is likernôch 13 mm. De boppekant fan de wjukken is brún mei dizige grize plakken.
Fleantiid [bewurkje seksje]
De flinter fleant fan begjin maaie ôf oant ein juny. Foaral tusken 10 maaie oant 5 juny. It Brún Groukopke fleant yn ien en soms yn twa generaasjes.
Rûp [bewurkje seksje]
De rûp kin 20 mm lang wurde. It liif is gieleftich mei grien. De rûp is bedutsen mei wite hierkes. It Brune Groukopke oerwinteret as in healwaaks rûp, yn in kokon. Nei de winter ferpopket de rûp him.
De rûp fret fan de Tôchklaver, de Hynstehoefklaver en de Duveldrek.