Bouke van der Hem

Ut Wikipedy
Bouke van der Hem

Bouke van der Hem (Tersoal, 6 juny 1946) Frysk skriuwer en mediator.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Groeide op yn Tersoal as boeresoan. Nei it fuortset ûnderwiis yn Snits studearre er rjochten yn Grins. Dêrnei kaam er yn de sosjaal-jurydyske helpferliening en waard direkteur fan Stichting Maatskiplik Wurk Fryslân. Sûnt 2000 hat er yn Grins in buro foar ‘Mediation’, konfliktbemiddeling.

Yn syn stúdzjetiid wie er lid fan studinteferiening Bernlef en begûn mei it skriuwen fan proaza. Tegearre mei Sjoerd Bottema skreau er it orgaan fan Bernlef. As skriuwer debutearret er yn 1967 mei in ferhaal yn De Tsjerne, mar dan bliuwt it in tiid stil mei de skriuwerij. Yn 1998 pakt er de pinne wer op mei in ferhaal yn it Frysk. Syn debútroman Sloppe Opels ferskynde yn 2002. De haadpersoanen beskriuwt er as minsken dy't er ken. Yn 2005 ferskynt syn twadde roman It poadiumbeest. Hy nimt hjiryn stelling tsjin it folgjen fan opleine koades en tsjin it swijen as der sprutsen wurde moat. Hjirby hat er mei de opkomst fan Pim Fortuyn foar eagen.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

romans
  • Sloppe Opels (2002)
  • It poadiumbeest (2005)
  • Stille tochten: de Snipperij-syklus (2006)
  • De Fuery (2010)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: