Boufakkersdekolletee

Ut Wikipedy
It boufakkersdekolletee.

Boufakkersdekolletee is in folkse term foar it sjen litten fan de boppe-ein fan de bilnaad, dy't boppe de bân fan in broek útstekt.

It wurdt sa neamd omdat it liket op it dekolletee by froulju: twa 'wangen' mei in kleau dertusken. It boufakkersdekolletee is fral te sjen by minsken dy't yn in nauwe broek faak foaroerbûge moatte by harren wurk, bygelyks boufakkers.

It boufakkersdekolletee wurdt faak as net sa flatteus beskôge. It Ingelske bedriuw Jockey leveret in ûnderbroek mei spesjale ynsetstikken dy't it sichtber wurden fan de bilnaad tsjin gean moat.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. bouwvakkersdecolleté passé op Archined.nl