Bosch en Duin

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Bosch en Duin is in doarp yn de gemeente Zeist, yn de provinsje Utert. It doarp sit fêst oan Huis ter Heide en hat 2.540 ynwenners (2006).

Om 1900 is Bosch en Duin yn trek rekke by rike keaplju út de stêd dy't hjir harren fakânsjehûs bouwe lieten. Fan dizze fakânsjehuzen steane noch in stik of wat hjir en dêr ferspraat ferspraat troch Bosch en Duin, de wenningen binne werom te kennen oan de klassike boustyl en de soad hout dat brûkt waard. Bosch en Duin telt in soad filla's mei grutte grote kavels.

Oan de Baarnsewei stiet it lângoed De Horst. It wenhûs is ûntwurpen troch arsjitekt Karel de Bazel. Hjir groeide Willem Oltmans op. De Horst is tsjintwurdich in Ryksmonumint.

De natuerkundige en Nobelpriiswinner Pieter Zeeman (1865-1943) liet yn 1904/1905 yn Bosch en Duin in simmerhûs bouwe, Filla Zonnehof. Yn de kelder fan dizze villa die hy in oantal proeven. By it hûndertjierrich bestean fan Filla Zonnehof waarden de skiednis fan Bosch en Duin en it libben fan Pieter Zeeman en syn húshâlding dêr wiidweidich fêstlein.