Bosaso

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bosaso yn Somaalje

Bosaso (Somalysk: Boosaaso; Arabysk (بوساسو) Bawsāsū), yn it ferline Bandar Qasim neamd, is de trets grutte stêd fan Somaalje en hat de grutste haven fan it lân. De stêd is tige groeit yn de tiid fan de Somalyske boargerkriich, omdat it yn it noarden feilich wie. Jannewaris 2007 hie de stêd goed 500.000 ynwenners; yn de 90er jierren wiene dat noch sa'n 30.000.

Bosaso leit yn de noardlike autonome regio Puntlân, en is de kommersjele haadstêd fan de kontrei en teffens de haadstêd fan de provinsje Bari. Yn ferhâlding mei oare plakken yn Somaalje is it in frijwat moderne stêd.

De stêd is tige âld en wie al bekend by de Griken en Romeinen ûnder de namme Mosylon, mar hat gjin histoaryske binnenstêd. De ynwenners heare meast ta de Darod-clan en de sub-clans Dashiishe, Majeerteen en Warsangeli.


Panorama oer Bosaso