Borsele

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Borsele is in gemeente op Súd-Bevelân, yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. De gemeente telt 22.643 ynwenners (1 jannewaris 2010, boarne: CBS) en hat in oerflakte fan 194,42 km², wêrfan 52,39 km² wetter. De namme fan 'e fusearre gemeente waard by de oprjochting yn 1970 fêststeld op 'e skriuwwize mei ien inkele "s" om ûnderskied te meitsjen mei it plak Borssele dat mei in dûbele "s" skreaun wurdt en dat yn 'e gemeente Borsele leit.

 
Seelân
Flagge fan de provinsje Seelân
Borsele - Feare - Flissingen - Goes - Hulst - Kapelle - Middelburch (haadstêd) - Noard-Bevelân - Reimerswiel - Skouwen-Duvelân - Slûs - Terneuzen - Toalen