Bordena

Ut Wikipedy
Bordena

Bordena is in monumintaal gebou oan de Haadstrjitte 31 yn Beetstersweach.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Finsteromlisting Huzinge Bordena

It hûs is boud yn 1868 troch de destiidske boargemaster fan Opsterlân, de arts Joachimus Lunsingh Tonckens. Hy soe de bou fan de wenning finansierd hawwe út in omstriden erfenis, dy't hy krigen hie fan syn buorfamily, de grytman Saco van Teijens en syn broer en suster.[1] Nei it ferfarren fan Tonckens nei De Haach krige de huzinge yn 1895 in nije bestimming as pastorije. Opfallend binne plastere hoeklisenen en eklektyske finsteromlistingen (sjoch ôfbyld). Yn 1981 waard it hûs ferboud. Bordena is erkend as ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald, Chris Kolman, Sabine Broekhoven en Saskia van Ginkel-Meester - Beetsterzwaag (Beetstersweach) (gemeente Opsterland) in: Monumenten in Nederland. Fryslân
  • dbnl.nl
  1. Webside Stichting van Teyens Fundaasje Beetstersweach