Bonosus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

(Gallus Quintus?) Bonosus (? - 280?) wie in Romeinsk usurpator (tsjinkeizer).


Libben[bewurkje seksje | edit source]

Bonosus waard berne yn Spanje, syn heit wie Brit, syn mem kaam út Galje. Hy wie foaral in respektearre militêr dy't om-ende-by 280 it befel fierde oer de Romeinske float op de Ryn. Datselde jier koenen de Germanen de grins oerstekke en waard de float yn de brân stutsen. Bang foar represailles fan keizer Probus rôp Bonosus himsels dêrnei út as keizer yn Colonia Agrippina, likernôch om deselde tiid hinne as Prokulus, in oare usurpator.

Undanks syn flater mei de float wie Bonosus in goed soldaat en fjildhear. It wie foar keizer Probus tige dreech om de opstân del te slaan. De striid einige doe't Bonosus klear út wanhope himsels ophong. Probus sparre de libbens fan syn frou en bern.

Oer[bewurkje seksje | edit source]

Der binne inkele munten fûn dy't tarekkene wurde oan Bonosus. Se binne tige rûch en ûnkundich makke, mar tsjintwurdich in soad jild wurdich fanwege harren seldsumens.

Antike boarne[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]