Bolskip

Ut Wikipedy

Bolskippen binne fissersskippen fan de eartiidske Sudersee, dy ta de famylje fan rûn- en platboaiemskippen hearre.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme bol of bolle (âld Nederlânsk) komt nei alle wierskynlikens fan it eardere eilân Urk dêr't alle skippen mei in rûne kop sa neamd waarden. Yn Fryslân waarden dizze rûne skippen aken neamd.

Bou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bolskippen waarden om 1900 boud yn Fryslân en Noard-Hollân; op werven yn Hylpen, Warkum, Makkum en Inkhuzen.

As type is it bolskip in lytse blazer, fan ûngefear 10 by 3 meter. It is boud yn de beste Fryske tradysje mei in moaie rûne kop en in fage efterskip, krektas de oare Fryske aken. Yn tsjinstelling ta de blazer, dy't in trochrinnend dek hie, hat it bolskip allinnich in foardek en it is ek net sa heech opboeid. Bolskippen waarden allinnich yn hout boud.

It Frysk Skipfeartmuseum yn Snits hat in model fan in bolskip.

Tapassing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skippen waarden brûkt foar it fangen fan platfisk om de djippere rillen fan de Sudersee en de Waadsee. It meast brûkte túch hjirfoar wie it hoekwant. De skippen hienen in trôch om de fisk libjend bewarje te kinnen, deade bot wie niks wurdich oan de fiskôfslach en waard meastal troch de fiskers en harren famylje sels opiten, krekt as de byfangst fan oare fisksoarten dy't net te ferkeapjen wienen.

Nei de ôfsluting fan de Sudersee wie it ek foarby mei it bolskip. De pear dy't oer wiene, waarden foar de rekreaasjefeart brûkt, faak mei in ûnsjoch timmere kajút. De lêste jierren binne der lykwols wer werven dy't stielen bolskippen bouwe, foar de rekreaasjefeart. Dy hawwe ek in kajút, mar toane troch de oandacht foar de ferhâldings fan dit soarte skippen dochs goed.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]