Boereswel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Boereswel
Boereswel.png
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Moskeftigen (Passeriformes)
Famylje: Swellen (Hirundinidae)
soarte
Hirundo rustica
Hirundo rustica

De Boereswel (Hirundo rustica) is in lytse trekfûgel, dy't by't maaitiid nei it noarden giet. Lykas alle swellen, hat ek de boereswel in sierlike flecht. De lange flerken en it ranke liif binne syn wapens yn de jacht op ynsekten. De lange útstekkende bûtenste sturtfearren binne yn de flecht faak goed te sjen. De boereswel is fan de hússwel te ûnderskieden troch it wat krêmeftige ûnderliif, dêr't de hússwel in wyt ûnderliif hat. De boereswel sit gereld yn groepkes op triedden. De hússwel sit allinne foar it sammeljen fan nêstmateriaal op de grûn.

Oare namme[bewurkje seksje | edit source]

De Boereswel wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as Boeresweal.

Uterlik[bewurkje seksje | edit source]

De boereswel hat in lingte fan likernôch 19 sm, de sturt meirekkene. Dy sturt is foarkefoarmich, mei lange bûtenste sturtfearren. Oan de boppekant is de fûgel glânzjend blau, ûnder krêmkleurich wyt; syn foarholle en kiel binne read-brûn, de kropbân is blauswart en de snaffel is swart.

Biotoop[bewurkje seksje | edit source]

De boereswel hat in foarkar foar agraryske gebieten, mar komt ek foar oan de râne fan stêden en doarpen. Boereswellen briede meast yn skuorren en loadsen en ûnder brêgen. Fan natuere brûkten se kliffen en grotten as briedplak.

Ferspriedingsgebiet[bewurkje seksje | edit source]

De boereswel briedt fan Ynje oant Yslân. Ek yn Noard-Amearika komt er foar. De Europeeske boereswellen oerwinterje yn Afrika, de Amerikaanske yn Súd-Amearika. Yn Nederlân is it in algemiene briedfûgel op it plattelân.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]