Boeremoes

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Board boeremoes.

Boeremoes is in stamppotgerjocht dat makke wurdt fan boerekoal. It resept is sa Nederlânsk dat wol sein wurdt dat it it nasjonale gerjocht is. De boeremoes is it lekkers as der in nacht froast oerhinne gien is. De koal wurdt dan ek faak nei de earste froast rispe, sels wol de dei dat it iten wurdt.

De boeremoes wurdt tradisjoneel iten mei in gatsje yn ‘e midden mei sjú, woarst, moster en bakken spekjes. Soere tafoegings as sulversipels, augurk of jittik wurde tsjintwurdich ek brûkt.

Hoe te meitsjen[bewurkje seksje | edit source]

Yngrediïnten[bewurkje seksje | edit source]

  • 600 gram boeremoes
  • 1,25 kilo jirpels
  • 2 sipels
  • 200 gram meager droech spek
  • 2 speklappen
  • 4 kowesausizen
  • 1 ytleppel jittik

It tameitsjen[bewurkje seksje | edit source]

De boerekoal yn 3 desiliter wetter siere litte foar tsien minuten. Dan de skilen en yn fjouweren snieden jirpels derby, lykas de siepels en de blokjes droech spek. It moat op de boeremoes lein wurde en yn likernôch 25 minuten gear koaitsje wurde. Yn de tiid moatte de speklappen en de kowesausizen yn bûter brún makke wurde. Goai dan 2 desiliter jittik troch it fet en lit it koaitsje.

As alles ree is de boeremoes en de jirpels troch elkoar stampe, en mei de speklappen en de sausizen op tafel sette. Ek de sjú kin derby.