Boek fan Armagh

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Side út it Boek fan Armagh.

It Boek fan Armagh of Codex Ardmachanus (ar of 61) is in manuskript út de 9e ieu dat bewarre wurdt yn de bibleteek fan it Trinity College yn Dublin (ms 52). It is ek bekend as de Kanon fan Patrick en as Liber Ar(d)machanus. It wurk is ien fan de âldste teksten yn it Aldiersk.

Der is wol tocht dat it manuskript oan Sint Patrick hearde en dat it foar in lyts part ek fan syn hân wie. Undersyk hat útwiisd dat miskyn it hiele manuskript, of oars in part dêrfan, it wurk is fan de skriuwer Ferdomnach fan Armagh (stoarn yn 845 of 846). Ferdomnach skreau it earste part fan it boek yn 807 of yn 808.

Der binne 221 siden fan perkamint. It is in boek fan 19,4 sm by 14,4 sm. De tekst is skreaun yn twa kolommen yn in in ferfynt insulêr skrift. It manuskript befettet fjouwer miniaturen, ien fan elts fan de fjouwer evangelistesymboalen. Guon letters binne read, giel, grien of swart kleure.

It manuskript hat wichtige iere teksten oer Sint Patrick en grutte stikken fan it Nije Testamint. De teksten út it Nije Testamint wiene basearre op de Fulgaat.

It manuskript waard tige fan belang achte yn midsieusk Irelân. It wie bygelyks ien fan de symboalen fan it Aartsbisdom Armagh.