Boeing B307 Stratoliner
Ut Wikipedy
De Boeing Model 307 Stratoliner wie it earste kommersjele transportfleanmasine mei in drukkabine. Dizze eigenskip makke it mooglik om mei passazjiers op hichte fan 6,000m te fleanen, dat wol sizze boppe it waar. It drukdifferensjaal wie 2.5 psi (17kPa), sadat op in hichte fan 4,480 m de kabinedruk dy fan 2.440 m wie. Model 307 hie romte en foarsjennings foar in bemanning fan fiif en 33 passazjiers. De kabine wie sa'n 3.6 m trochsneed. It wie de earste fleanmasine mei in boardwurktúchkundige as bemanningslid.
It Model 307 wie in fuortsette ûntwikkeling fan it Model 299 (de lettere Boeing B-17 'Fleanend Fort').
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Farianten
- 307
- Wright Cyclone GR-1820-G102 motors mei ien superoanjager. 5 bemanningsleden
- 307B
- Wright Cyclone GR-1820-G105A motors mei twa superoanjagers foar bettere prestaasje op gruttere hichte. 7 bemanningsleden
- C-75
- Fiif Trans World 307Bs yn tsjinst fan de USAAF as militêre transporttastellen; 307B-1 standerd mei B-17G wjukken, in grutter sturtflak, 4 Wright Cyclone GR-1820-G606 motors en sûnder drukkabine.
[bewurkje seksje] Technyske feiten (Boeing 307)
Ut Jane's AWA 1942 (útsein wjukoerflak en laadfeiten)
- Bemanning 5, dêrfan twa piloaten en in boardwurktúchkundige
- Kapasiteit 33 passazjiers by deiljocht, 25 nachts
- Lingte 22.6 m
- Spanwiidte 32.63 m
- Hichte 6.33 m
- Totaal oerflak 138.0 m²[1]
- Leechgewicht 13,608 kg
- Laadgewicht maks. 20,420 kg
- Motor 4 Wright GR-1820-G102 stjermotoren, 1100 hk it stik (=820 kW)
- Maks faasje 387 km/h op 1,830 m
- Krúsfaasje 344 km/h op 3,050 m
- Fleanberik 2,820 km
- Plafond maks. 7,110 m
- Belesting 138 kg/m²
- Krêft/massa ferhâlding 0.098 hk/pûn
[bewurkje seksje] Sjoch ek
Besibbe fleanmasines:
Fergelykbere fleanmasines:
- Douglas DC-4
- C-46 Commando, CW-20 ferzje
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
- Boeing 307 yn de Online-Ensyklopedy Historylink
- Loftfeartskiednis: Boeing 307 Stratoliner
- Reklamefilm fan de TWA oer de Boeing 307
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boeing B307 Stratoliner fan Wikimedia Commons. |