Boeing 221 Monomail

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Boeing Model 200 Monomail

De Boeing Model 200 Monomail wie in Amerikanske postfleanmasine út de iere jierren 1930 dat syn earste flecht op 6 maaie 1930 makke.

Untwerp en ûntwikkeling[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1930 kaam Boeing mei in spektakulêre nije postfleanmasine dêr't in soad nijmoadrichheden yn ferwurke wienen. In inkelde wjuk (benedendekker), metalen wjukken en streamline romp (ek de motor mei in saneamde cowling), ynlûkber lâningstsjellen. It tastel wie súnich en prestearre goed foar dy tiid.

Der waard ynearsten ien eksimplaar boud foar evaluaasje troch Boeing en it Amerikaanske leger (de Y1C-18). Dat late net ta in gruttere produksje; it tastel kaam telâne yn de Boeingfloat op de San Fransisko-Chicago loftpostrûte yn july 1931.

In twadde ferzje waard ûntwikkele as it Model 221, mei in 20 sm ferlingde romp mei romte foar seis passazjiers yn in tichte kabine op kosten fan wat laadromte, de fleander siet yn in iepen cockpit. Dit model fleach foar it earst op 18 augustus 1930. Sawol Model 200 en Model 221 waarden úteinlik oanpast foar transkontinintale tsjinst, Model 221A neamd, mei in bytsje langer makke kabine, gaadlik foar acht passazjiers. Dizze masines fleagen op United Air Lines syn Cheyenne-Chicago rûte.

De prestaasjes fan dit technysk foaroprinnend tastel waarden behindere troch brek oan in gaadlike motor (dy't no te licht wie) en it ûntbrekken fan avansearre propellertechnology. Doe't de nije propeller kaam, dêr't de blêden fan yn ferskillende hoeken set wurde koenen, en men krêftiger motoren ta syn foldwaan krige, waard de Monomail technysk rillegau ynhelle, ûnder oaren troch Boeing's eigen twamotoarige 247 en de Douglas DC-2.

Farianten[bewurkje seksje | edit source]

Model 200
mailplane (1 boud)
Model 221
mailplane mei romte foar 6 passazjiers (1 boud)
Model 221A
Model 200 and 221 gaadlik makke foar 8 passazjiers

Yn gebrûk by[bewurkje seksje | edit source]

Spesifikaasjes (Model 221)[bewurkje seksje | edit source]

Bemanning= 1
Passazjiers= 6
Lingte= 18 m
Spanwiidte= 12.75
Hichte= 3,81 m
Wjukoerflak= 49,7 m²
Leechgewicht2.260 kg
Maks. startgewicht= 3,628.7 kg
Motor=Pratt & Whitney Hornet B fan 575 hk
Propeller= 1 fêste propeller
Maks. faasje= 254 km/h
Krúsfaasje= 217 km/h
Fleanberik= 925 km
Plafont= 4,480.5 m
Startbaan= ± 240 m
Lâningsbaan= ± 210 m

Fergelykbere tastellen[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Boeing History - Boeing Monomail Transport Retrieved June 17, 2006.

  • Taylor, Michael J. H.. Jane's Encyclopedia of Aviation, 1989
  • World Aircraft Information Files. Bright Star Publishing, Londen