Bodmin

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bodmin
Bosvenegh
De St. Petroc tsjerke
De St. Petroc tsjerke
Sifers
Ynwennertal 12.778 (Civil Parish 2001)
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Greefskip Cornwall
Regio Súd West Ingelân
Oar
Tiidsône (UTC+0)
Webside Webstee fan Bodmin

Bodmin, Kornysk Bosvenegh is in stêd yn it greefskip (county) Cornwall yn Ingelân. It plak leit yn it distrikt Noard Cornwall dat lykwols yn 2009 opheft waard.

Bodmin leit sintraal yn Cornwall súdwestlik fan it Bodmin Moor. Eartiids hat it plak in skoft haadstêd fan Cornwall west, oant Truro as administratyf sintrum oanwiisd waard troch de Crown Courts.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Sint Petroc stifte in kleaster yn Bodmin yn de 6e ieu[1] en joech de stêd har alternative namme, Petrockstow. It kleaster ferlear lân yn de tiid fan de Normandyske ferôverings, mar yn it Domesdayboek wurdt noch sprutsen fan 18 pleatsen, ynklusyf Bodmin, Padstow en Rialton.[2] Bodmin is ien fan de âldste stêden yn Cornwall en de iennichste grutte Kornyske delsetting dy’t neamd wurdt yn it Domesday Book út de lette 11e ieu. Yn de 15e ieu waard de Normandyske St Petroctsjerke foar it grutste part opnij boud en is noch hieltyd ien fan de grutste yn Cornwall (de grutste is de katedraal fan Truro). Yn dy tiid waard ek in abdij set neist de tsjerke; it is no in ruïne. Yn Bodmins skiednis hat de tinyndustry lange tiid tige wichtich foar de ekonomy west.

Der is in ynskripsje yn de muorre fan in simmerhûs yn Lancarffe bekend, dy’t bewiisd dat der al yn de iere Midsieuwen in delsetting yn Bodmin wie. De stien is in oantins foar in "Duno[.]atus soan fan Me[.]cagnus" en datearre op 6e oant 8e ieu.[3] De Swarte Dea (pest) mids 15e ieu, easke yn Bodmin 1500 libbens, de helte fan de befolking.[4]

Reboelje[bewurkje seksje | edit source]

Bodmin wie it sintrum foar trije Kornyske opstannen. De earste wie de Kornyske Reboelje fan 1497 doe’t in Kornysk leger, laat fan Michael An Gof, in smid út St. Keverne en Thomas Flamank, in advokaat út Bodmin, nei Blackheath yn Londen marsjearren, dêr’t hja troch it Keninklik leger fan 10,000 man ferslein waarden. Yn de hjerst fan 1497, besocht Perkin Warbeck Henry VII fan de troan te stjitten. Warbeck waard útroppen as Kening Richard IV yn Bodmin, Henry koe de opstân sûnder muoite delslaan. Dan, yn 1549 feroarsaken de Kornysken wer opskuor doe’t de stege protestant Edward VI in nij gebedsboek ynfiere woe. It Kornyske folk fielde har noch sterk ferbûn mei de Rooms-Katolike Tsjerke en foarme opnij in leger yn Bodmin. Exeter yn Devon waard belegere. Dit barren waard bekend as Prayer Book Rebellion. Foarstellen op it boek yn it Kornysk oer te setten waard net op yngien en de opstân koste 4000 minsken it libben.[5]

St. Petroctsjerke[bewurkje seksje | edit source]

It tsjerkegebou fan no is út 1469-1472. De toer is oerbleaun fan de oarspronklike Normandyske tsjerke en stiet oan de noardkant (it boppeste part is 15e ieusk) en hie earder in spits. Yn de Victoriaanske tiid is de tsjerke twaris restaurearre en yn 1930 wer. It tsjerkhôf hat in tal nijsgjirrige grêfmonuminten fan liedende geastliken, ûnder oaren in bysûndere fan Prior Vivian. Underoan it hege tsjerkhôf is in boarne, dy't ieuwenlang tige wichtich foar de drinkwetterfoarsjenning wie en dêr't it wetter fan as hillich beskôge waard.

Ynstituten[bewurkje seksje | edit source]

De 'Bodmin Gaol wie in finzenis dy’t goed 150 jier tsjinst dien hat, mar dy’t der no fierhinne ferrinewearre by stiet; it is boud yn de lette 18e ieu en wie de earste Britske finzenis dêr’t minsken yn begjinsel yn aparte sellen fêstset waarden (al sieten der ek wolris oant 10 finzenen yn ien sel). Mear as fyftich feroardiele finzenen binne dêr ophongen yn de rin fan de tiid. De finzenes waard ek wol brûkt foar it opsluten fan feroardielden dy’t wachten op in plak op de finzenisboaten dy’t op de rivier Fowey ankere leinen. Yn de Earste Wrâldkriich wienen nasjonale skatten sa as it Domesday Book, de ring en Kroanjuwelen fan it Feriene Keninkryk hjir út reden fan feilichheid opslein.

Oare nijsgjirrige gebouwen binne it eardere stêdhûs, de Shire Hall, dêr’t no ûnder oaren it toeriste-ynformaasjesintrum yn sit en de Regimental Barracks fan it no net mear funksjonearjende rezjimint ‘’Duke of Cornwall's Light Infantry’’; it is sûnt 1925 in rezjimintsmuseum. It museum behannelt de rezjimintsskiednis fan 1702 ôf, hat ek in militêre bibleteek en in mânske samling lytse wapens, masinegwearen, kaarten, uniforms en skilderijen. Yn de St Nicholas Street stiet in flink Frijmitseldersgebou (Freemasons Hall) dêr’t net minder as sân lôzjes yn gearkomme.[6]

Bodmin yn byld[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Doble, G. H. (1965) The Saints of Cornwall: diel 4. Truro: Dean and Chapter; sd. 132-166
  2. Thorn, C. et al. (eds.) (1979) Cornwall. Chichester: Phillimore; entries 4,3-4.22
  3. Discussion, photo and bibliography in Okasha, Elisabeth (1993). Corpus of early Christian inscribed stones of South-west Britain Leicester: University Press, pp. 126-128
  4. [http://www.cornwall.gov.uk/index.cfm?articleid=5749, Black Death, 2009-09-17
  5. Sturt, John (1987) Revolt in the West: the Western Rebellion of 1549. Exeter: Devon Books
  6. Cornwall Masonic Yearbook 2009/10