Bobbie Koek

Ut Wikipedy
Bobbie Koek

Bobbie Koek (Roelofarendsveen,14 april 1985) is in Nederlânske aktrise en filmregisseur. Sy is in dochter fan teatermakker Paul Koek en poppespylster Marike Koek, dy't beide warber binne yn teaterselskip De Veenfabriek.

Koek waard bekend troch har fertolking fan de rol fan Inke yn de VARA-comedyrige Kinderen geen bezwaar. Hja ferfong Céline Purcell yn de searje.

Bobbie spile ek in rol yn de spylfilm Au Cigogne, dy't yn 2004 útstjoerd waard yn de NPS/VARA/VPRO-rige One Night Stand. Regy wie yn hannen fan Margien Rogaar.

Teffens wie hja te sjen yn de teaterfoarstellingen DARK en De flat van Jet en spile sy in gastrol yn de RTL 4-plysjesearje Grijpstra & De Gier. Bobbie hie yn it earste seizoen fan Kinderen geen bezwaar al in lytse byrol.

Yn 2010 hold Koek op mei Kinderen geen bezwaar om har fierder ta te lizzen op it meitsjen fan film. Se studearre regy fiksje oan de Nederlânske Filmakadeemje.[1]

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar:

Aktrise[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Regisseur en senarioskriuwster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2015 : Waar zij waren
  • 2016 : Tamu
  • 2018 : SKAM NL

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: