Boarnster Kritetoaniel

Ut Wikipedy

It Boarnster Kritetoaniel bestiet út in entûsjaste groep minsken út Aldeboarn, dy´t him dwaande hâldt mei amateurtoaniel. Elts winterskoft, al fan 1946 ôf, soargje hja foar in pear noflike jûnen mei omtinken foar de Fryske kultuer.

Noch altiten is net bekend yn hokker jier it Boarnster Kritetoaniel oprjochte is. It oprjochtsjen fan it Boarnster Kritetoaniel hat hiel wat fuotten yn 'e ierde hân. Uteinlik waard der yn 1946 foar it earst spile, wol as gjin bestjoer. Letter krige master Paulus Folkertsma de foarsittershammer yn hannen. Der waard yn dy tiid net allinich toanielspile, mar ek koene hja meidwaan oan in foardrachtskriich of boekbesprekking.

Yn 'e sechstiger en sântiger jierren waard der allinich noch mar toanielspile. Under lieding fan dhr. B. Bosma kaam de feriening ta prima prestaasjes; hiel lang waard der spile yn 'e heechste klasse fan de kriich, de ûnderlinge kompetysje fan it Boun fan Fryske Toanielselskippen. Der kaam ferjonging yn 'e ploech en de feriening groeide stadichoan fierder, op ’t stuit (2007) telt de feriening sa'n 25 spyljende leden en sa’n 150 stipers.