Boargerlike steat

Ut Wikipedy

Boargerlike steat is de formele posysje fan in minske neffens de sin en betsjutting fan it boargerlik wetboek. Der kin ûnderskaad makke wurde yn houlikske steat, partnerregistraasje (registrearre partnerskip); de saneamde wettige, as oars ûnwettige ôfstamming; mearder- of minderjierrigens, it mooglik ûnder kuratele stean, spesifike tastannen fan fâdij of âlderlik gesach en nasjonaliteit. It mei opset sin ûndúdlik meitsjen fan immens komôf (ûnder oare troch namswiziging) en bigamy is it fertsjutstermoanjen fan boargerlike steat en ûnder de wet strafber steld.

De Nederlânske grûnwet ferbiedt diskriminaasje op grûn fan boargerlike steat (art. 1) by de arbeid en it útoefenjen fan in berop, it oanbieden fan dingen en tsjinsten by it advisearjen oer skoalle- en beropskar. Direkt ûnderskied meitsje nei boargerlike steat is altyd ferbean útsein de wet sels in útsondering makket. Yndirekt ûnderskied op grûn fan boargerlike steat kin objektyf rjochtlik wêze.

De measte gegevens fan boargerlike steat wurde byholden troch de boargerlike stân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: