Boarchmole

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Boarchmole yn 2009

De Boarchmole is in poldermole noardeast fan Grou.

De Boarchmole waard yn 1895 boud foar de bemealling fan de eardere polder De Nije Boarchkrite. It is in greinen achtkante mole, dekt mei reid, mei stiennnen fjildmuorren. Sûnt 1954 kin hy net mear mealle. Troch it tichtsmiten fan de boezemsleat kaam de mole hieltiten skeaner te stean en kaam it fuortbestean derfan yn gefaar. In 2008 waard yn opdracht fan de gemeente Boarnsterhim, dy't de mole yn eigendom hat, mei in restauraasje fan de mole negûn. Dêrby wurdt de mole ek sawat oardel kilometer fersetten. Nei foltôging fan it wurk sil de mole wer folslein mealree wêze.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]