Bloomsbury (Londen)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bloomsbury
Kaart fan Bloomsbury
Kaart fan Bloomsbury
Polityk
Lân Ingelân
Greefskip Grut Londen
Regio Londen
Guonts fan de Bloomsburygroep: l. nei rj.: Lady Ottoline Morrell, Mrs. Aldous Huxley, Lytton Strachey, Duncan Grant en Vanessa Bell.

Bloomsbury is in wyk yn it Londenske bestjoerlike gebiet Camden, yn de regio Grut-Londen. It leit tusken Euston Road en Holborn en waard troch de famylje Russell yn de 17e en 18e ieu ta in modern wengebiet makke. De wyk is bekend om syn ferskaat oan túnpleinen,[1] en tal fan kuturele-, ûnderwiis- en sûnenssoarchfasiliteiten.

Yn Bloomsbury hat de Universiteit fan Londen sintrale gebouwen en ôfdielings, en ferskillende fan syn kolleezjes, sa as it Universiteits Kolleezje Londen, Birkbeck, de London School of Hygiene and Tropical Medicine, de School of Pharmacy, de Skoalle foar Oriïntaalske en Afrikaanske Stúdzjes en it Keninklik Feterinêr Kolleezje. Tal fan sûnenssoarchynstellingen sitte yn Bloomsbury, ek de British Medical Association, Sikehûs Great Ormond Street, it Nasjonaal Sikehûs foar Neurology en Neurosjirurgy, it Universiteitssikehûs en it Royal London Hospital for Integrated Medicine.

Kultuer[bewurkje seksje | edit source]

Yn Bloomsbury hawwe in grut tal leden fan de Bloomsburygroep wenne en wurke. Ta dy groep hearden ûnder oaren skriuwster Virginia Woolf en de keunstskilders Vanessa Bell en Roger Fry. De groep is nei de wyk neamd.

It Britsk Museum stiet yn Bloomsbury en ek de Keninklike Akademy foar Drama.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Guide to London Squares. Rieplachte 8 maart 2007.