Blonde fan de Pyreneeën

Ut Wikipedy

De Blonde fan de Pyreneeën is in fleistypysk koweras en ien fan de rassen dy't yn 1963 opgien binne yn it stamboek foar de Blonde d'Aquitaine.

It is ien fan de trije ûnderrassen dy't yn de Súdwest-Frânske regio Akwitaanje ûntstien binne út kobisten dy't yn de 6e iuw mei stammen út Sintraal-Europa nei dy kontreien kaam binne. De namme fan it ras slacht op har blonde kleur dy't ek te sjen is by de Blonde d'Aquitaine en op it feit dat it ûnderras ûntstien is yn it gebiet fan de westlike Pyreneeën. Meidat Blonde's foaral yn de bergen hâlden waarden, binne sy lytser yn ferhâlding mei de oare rassen fan de Blonde d'Aquitaine, de Garonnaise en de Quercy.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: