Bloemberg(en) (laach)

Ut Wikipedy

Bloemberg en Bloembergen is de namme fan in stikmannich (besibbe) famyljes yn Drinte en de Fryske feangebieten.

It bekendste binne in groep timmerlju yn Rottefalle en it laach dat yn 1745 út It Hearrenfean nei Ljouwert ferfarde.

Ut it lêste laach komme Auke Bloemberg (Ljouwert, 19 febrewaris 1774 - 30 jannewaris 1838), winkelman by de waach yn Ljouwert. Hy stifte it kassiershûs 'A. Bloemberg en soannen'; yn 1905 waard it in bank. Syn soan Evert Bloemberg (1805 - 1881) waard yn 1852 wethâlder fan Ljouwert. Dy syn soannen Auke Bloembergen (Ljouwert, 1 augustus 1838 - De Haach, 20 maaie 1901) en Reitze Bloembergen (Ljouwert, 1840 - De Haach, 1940) lieden it kassierskantoar nei 1870 en spilen in wichtige rol yn de ekonomy fan Ljouwert. Beide wienen ek ôffurdige foar de liberalen yn de Earste Keamer fan de Steaten Generaal. Auke Bloemberg wie teffens foarsitter fan de Frijmitslerslôzje De Friese Trouw.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: