Bloedfet

Ut Wikipedy

In bloedfet, soms foutyf ier neamd, is ûnderdiel fan de bloedsomrin. Minsken en oare sûchdieren, mar bygelyks ek fisken en fûgels, hawwe ferskate soarten bloedfetten:

  • Slachieren of artearjen (Lat. arteria, mv. arteriae) - Dat binne de bloedfetten dy't streekrjocht fan it hert ôftûkje om in orgaan fan bloed te foarsjen. Troch de pompwurking fan it hert, sil de druk yn de slachieren pulsatyf wêze. Men kin it bloed yn de slachieren klopjen fiele., bygelyks yn de polsslachier (arteria radialis). Op twa útsûnderingen nei transportearje de slachieren soerstofryk bloed. Twa slachieren transportearje soerstofearm bloed, nammentlik: de longslachieren (arteriae pulmonales), dy't fan it hert nei de longen ta rinne, en nâlestringslachieren by de foetus (arteriae umbilicales).
  • Lytse artearjen of arteriolen - Dit binne lytse bloedfetsjes mei rûntespierkes yn de wand dy't gearlûke kinne of ûntspanne. Sa soargje se foar it fernauwen of ferwiidzjen fan it lumen fan dizze bloedfetten en regelje sa de oanfier fan bloed yn de weefsels.
  • Hierfetten of kapilêren - Dit binne tige tinne bloedfetten dy't oant djip yn it weefsel doorkringe. Se slute oan op de arteriolen. Inkel yn de hierfetten bart útwikseling fan soerstof, fiedingsstoffen en ôffalstoffen.
  • Lytse ieren of fenulen.
  • Ieren, ek wol fenen neamd (Lat. vena, mv. venae) - Dizze brede bloedfetten mei slappe wanden soargje foar de weromfier fan it bloed út de organen rjochting hert. It bloed wurdt hjir net mear pulsatyl foarútstuwe troch it hert, mar streamt yn in lykmjittiger tempo nei it hert ta. De ieren hawwe weromslachkleppen dy't behinderje dat it bloed de ferkearde kant op streamt. De ieren, útsein de longieren en nâlestringier (v. umbilicalis), transportearje soerstofearm bloed.
  • Poarte-ieren - Dit binne bloedfetten dy't twa organen ûnderling ferbine en net streekrjocht yn ferbining stean mei it hert. Yn it minsklik lichem sitte twa poarteieren:
    • Vena porta hepatis: fan it termkanaal, útsein it rektum, streekrjocht nei de lever, dêr't it bloed opnij in hierfetstelsel ynstreamt. Yn de lever wurde fiedingsstoffen en ôffalstoffen, opnomd út it spiisfertarrinsgorgaan, út it bloed helle. it sûkergehalte fariearret sterk troch de wikseljende opname derfan yn de term.
    • Hypofysepoarteier: De oare poarteier sit yn it de holle en soarget foar it streekrjocht transport fan bepaalde hormoanen tusken de harsens en de hypofyze.

Undersykstechniken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it lichaamlik ûndersyk binne slachieren werom te kennen troch pulsaasjes. Dizzen binne op in tal plakken (pols, hals, ljisken) te fielen. De hûdskleur (read, blau of skier) jout in yndruk oer de mjitte wêryn't weefsel soerstofhâldend bloed krijt. Bloedstreaming is normaal net te hearren, útsein as der ekstra warlingen yn de bloedstream sitte. Mei in stetoskoop is dat te hearren as in gerûs, bygelyks by harkjen nei it hert. Dit ferskynsel wurdt brûkt as de bloeddruk hânmjittich mjitten wurdt. Bloedfetten kinne ôfbylde wurde troch:

Lingte en folume (by de mins)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutste slachieren (read) en ieren

Yn de ûndersteande tabel de mienskiplike lingte en folume fan bloedfetten. [1]

Bloedfet Lingte Folume (cm3)
Aorta 40 sm 30
Grutte Slachieren 8 m 60
Sydtûken 78 m 55
Slachierkes 80 km 25
Kapilêren 1200 km 60
Ierkes 160 km 110
Sydtûken 78 m 300
Grutte ieren 8 m 220
Holle ieren 40 sm 50

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

boarnefernijing

  1. Boarne: Nectar, VWO Bovenbouw, Biologie, deel 1.