Blockbuster (bom)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In Lancaster smyt in “cookie” (lofts), brânbommen en bondels brânbommen (rjochts) op Duisburg, 15 oktober 1944
Skala fan RAF bommen, mei 4000 en 12000 pûn blockbusters (efteroan).

Blockbuster of cookie wie de namme dy't jûn waard oan in ferskaat grute konvinsjonele bommen dy't yn de Twadde Wrâldkriich troch de Ingelske Loftmacht (RAF) brûkt waarden. De namme Blockbuster waard betocht troch de parse en ferwiisde nei in bom dy't in hiel huzeblok ferneatigje koe.

Operasjoneel gebrûk[bewurkje seksje | edit source]

It earste type fleamasine dat mei cookies operearre wie de Wellington, mar letter hearden sy ta standert bommelading fan de swiere nachtbommesmiters fan de RAF, en de Mosquitoes fan de Light Night Strike Force. De 3.600 kg bom koe, fanwege syn grutte ôfmjittings, allinne meinaam wurde troch de Handley Page Halifax en Avro Lancaster en 5.400 kg fariant paste allinne yn it bomrûm fan 10 meter fan de Lancaster.

De bom fan 8,000 pûn waard foar it earst brûkt troch it 15e Squadron Lancasters by in oanfal op Berlyn op 2 desimber 1943. Troch min waar en oare omstannichheden koe it effekt fan de bom doe net fêststeld wurde.[1]

De cookie fan 1,800 kg waard as gefaarlike lading beskôge, omdat dy somtiids suver spontaan ûntplofte, sels at er net op skerp stie. Foar it smiten fan in bom fan 1800 kg moast de bommesmiter op minstens 5000 foet bliuwe oars koe er by de eksploazje skansearre reitsje.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Maynard, John Bennett and the Pathfinders 1956 Arms and Armour Press. s.148