Blikke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Blikke fan it Binnengasthûs by it Poptaslot, Marsum ±1920

In blikfjild of blikke is in koart meand gersfjild, dat tsjinne om linnen te blikken. Beginen hellen faak harren ynkommen út it waskjen foar oaren, dat it begynhof hie meast in (grutte) blikke.

Al yn de Midsieuwen waard ûntdutsen dat sinneskyn it blikken fan linnen befoardere. Nei it waskjen wie it linnen doetiids faak noch wat gielich en net hielendal fris. It linnen waard lykwols frisser en witer, troch it op it gers út te lizzen en sa droegje te litten. Letter waard de ferklearring fûn: ûnder ynfloed fan de sinne wurde frije soerstofatomen foarme, dy't harren bine oan smoargens, wat itselde effekt hat as blikke mei wetterstofperokside[1].

Oant yn de 20e ieu waarden blikfjilden noch tapast yn de tekstylyndustry, hoewol't ein 18e ieu al ûntdutsen wie dat mei blikwetter itselde hurder berikt wurde koe. Ek by hûs leinen in protte minsken oant yn de jierren 1960 it waskguod noch op de blikke te droegjen.

Ljouwert hie krekt bûten de stêd in soad blikkerijen. Dêr wie in herberch 'De bleek' en ek de namme Bleeklaan hâldt dizze bedriuwstûke yn it ûnthâld [2].

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.12accede.nl/debleek.html
  • Wikipedia en:, Bleachfield
  • Wikipedia nl:, Blekerij