Blessumer Feart

Ut Wikipedy

De Blessumer Feart is in feart yn de gemeente De Waadhoeke. It wetter rint fan it Van Harinxmakanaal, ûnder it spoar fan Ljouwert nei Harns troch, nei it súdliker lizzende Blessum.

Oan de feart stiet sawat 50 meter fan it Van Harinxmakanaal de mole Heechhiem (fan it merk Record). Yn 2004 waard dizze wettermole restaurearre.

De namme Blessumer Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Blessumervaart.