Blauboarstke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Blauboarstke
Luscinia svecica tom (Marek Szczepanek) small.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Moskeftigen (Passeriformes)
Famylje: Miggesnappers (Muscicapidae)
soarte
Luscinia svecica

It Blauboarstke (Luscinia svecica) is soarte út de famylje fan de Miggesnappers (Muscicapidae).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Foarkommen

It Blauboarstke is in fynboude fûgel mei in fine skerpe snaffel lykas alle ynsekteniters. It mantsje is goed wer te kennen oan syn blauwe boarst mei dêrom hinne in swart en readbrune boarstbân. De wyfkes misse de opfallende blauwe kleur.

[bewurkje seksje] Fersprieding

It Blauboarstke komt yn hiel Jeropa foar., mar ek yn Aazje en sels yn it westen fan Alaska. It is in trekfûgel dy't yn Súd-Spanje, Noard-Afrika as yn it suden fan Aazje oerwinterje.

Der binne ferskillende rassen te ûnderskieden: de Readstjerblauboarst (Luscinia svecica svecica), mei in read kielplak, komme yn it noarden fan Jeropa en yn de Alpen foar. De Wytstjerblauboarst (Luscinia svecica cyanecula), mei in wyt plak op de kiel, komt yn de rest fan Jeropa foar. De Kaukasusblauboarst fan ûnder oaren Turkije (Luscinia svecica magna) hat gjin aparte flek yn de blauwe boarst.

In Readstjerdblauboarst

[bewurkje seksje] Fuortplanting

Yn maaie leit it wyfke 6 oant 7 blaugriene aaikes mei readbrune stippen. De aaikes wurde troch beide âlden yn sa'n twa wike útbret.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Commons Commons: Blauboarstke (Luscinia svecica) – foto, fideo en harktriemmen
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen