Blasketeilannen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan de Blasketeilannen
Ferlitten huzen op Grut Blasket
Haventsje op it fêstelân foar boaten nei de eilannen ta.

Blasket-eilannen Ingels: Blasket Islands, Iersk-Gaelysk: Na Blascaoidí) is in eilannekloft bewesten de Ierske kust en part fan County Kerry. Tsjintwurdich binne se net bewenne. Yn it ferline wiene de 5 grutste bewenne en de 7 lytsere eilannen net. Yn 1953 ferlieten de lêste bewenners Great Blasket Island.

In protte neisieten fan de eilanner wenje no yn Springfield, Massachusetts en oaren wenje noch op it Skiereilân Dingle, yn it sicht fan har eardere thús.

Ein 19e ieu, begjin 20e ieu wiene de eilanners it ûnderwerp fan antropologysk- en taalkundich ûndersyk, benammen troch skriuwers en taalkundigen sa as Robin Flower, George Derwent Thomson en Kenneth H. Jackson. Op harren oantrún en dy fan oaren ferskynden in tal boeken fan de eilanners dêr't in soad fan harren tradysjes en wize fan libjen yn fêstlein binne. Foarbylden binne An tOileánach (The Islandman) fan Tomás Ó Criomhthain, Peig troch Peig Sayers en Fiche Blian ag Fás (Twenty Years A-Growing) fan Muiris Ó Súilleabháin.

De Blasketeilannen binne wol Next Parish America neamd, fral yn Amearika in populêre term.

De seis grutste Blasketeilannen binne:

  • Grut Blasketeilân (An Blascaod Mór)
  • Beginish (Beiginis)
  • Inishnabro (Inis na Bró)
  • Inishvickillane (Inis Mhic Uileáin)
  • Inishtooskert (Inis Tuaisceart)
  • Tearaght Island (An Tiaracht)

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

Commons Commons: Blasket Islands – foto, fideo en harktriemmen

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Panorama Blasketeilannen
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen