Blaaskapel

Ut Wikipedy

In blaaskapel, ek wol boerekapel of dweilorkest neamd is in muzykselskip dat meast feestmuzyk spilet by ferskate gelegenheden. Yn Nederlân bestean hûnderten fan ditsoarte orkesten. Neist it karnaval spylje dizze selskippen ek faak by sporteveneminten, wêrûnder fuotbal- en reedriden. En se spylje faak by oare feestlike gelegenheden.

Der wurde foar dizze orkesten jierliks meardere konkoersen holden. Ien fan de bekendste hjirfan is it iepen Nederlânsk kampioenskip foar dweilorkesten, dat elk jier op de twadde snein fan juny hâlden wurdt op de Bemmelske Dweildei yn it Gelderske Bemmel.

Faak hawwe dizze selskippen frjemde nammen; inkele foarbylden hjirfan binne 'Sociéte a Muzikale Noazenfreugde' út Amersfoort, 'Tismawajewendband' út Raalte en 'Dokters Swingende Infuustoeters' út Lichtenvoorde.

Der binne ekl ferskate Fryske orkesten bekend fan optredens fan radio en telefyzje, lykas de Blauhúster Dakkapel út Snits, De Stjerrekikers út Frjentsjer en De Glêsblazers út It Hearrenfean.

De gearstalling fan dizze orkesten kin per selskip ferskillend wêze mar oer it algemeen bestiet se út ûndersteande ynstruminten:

blaasynstruminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt ek in soad gebrûk makke fan de blaasynstruminten:

slachynstruminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folgjende slachynstruminten wurde hast altyd brûkt yn dizze orkesten:

In soad orkesten hawwe it slachwurk útwreide mei oare slachynstruminten, der binne wol orkesten dy't in waskboerd brûke.