Bizons

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bizons
De Amerikaanske bizon.
De Amerikaanske bizon.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
ûnderskift: walfiskeftigen en wjerkôgers (Cetruminantia)
(sûnder rang): wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift: hoarndieren (Pecora)
famylje: holhoarnigen (Bovidae)
ûnderfamylje: kobisten (Bovinae)
tûke: echte kobisten (Bovini)
skaai: bizons (Bison)
Hamilton Smith, 1827

De bizons (Latynske namme: Bison) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae) en de ûnderfamylje fan 'e kobisten (Bovinae). De seis soarten dy't it skaai telt, binne (of wiene) lânseigen yn Noard-Amearika en Jeraazje.

De wisint of Jeropeeske bizon.

Fjouwer fan dy soarten binne útstoarn: de âlde bizon (Bison antiquus), holoseenbizon (Bison occidentalis) en langhoarne bizon (Bison latifrons) út Noard-Amearika en steppewisint (Bison priscus) dy't yn 'e prehistoarje oer de steppen fan West-Jeropa en westlike en sintraal Aazje doarme. Der binne twa noch libjende soarten: de Amerikaanske bizon (Bison bison), dy't om 1900 hinne op it rântsje fan it útstjerren balansearre mar sûnt wer by de wâl opklaud is, en de wisint of Jeropeeske bizon (Bison bonasus), dy't fan âlds yn Jeropa en de Kaukasus libbe, mar no inkeld noch yn Poalen yn it wyld foarkomt.

Hoewol't de bizons yn 'e regel yn harren eigen taksonomysk skaai pleatst wurde, binne der guon yndielings wêrby't se op yn bulte smiten wurde yn it nau besibbe skaai fan 'e kij (Bos) mei kij, gaurs, kouprey's en jaks, dêr't se har op beheinde wize mei fuortplantsje kinne.

Soarten[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.