Bistedokter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In bistedokter jout in goudfisk in spuitsje

In bistedokter of dierenarts is in behanneler fan sike of ferwûne bisten.

Guon bistedokters behannelje allinne of fral selskipsdieren (hûnen, katten, fûgels, kninen, ensafourthinne), oaren hawwe harren benammen talein op lânbouhûsdieren (hynders, kij, ensafuorthinne). Dy lêste bistedokter waarden yn it ferline fee-arts neamd. De beneaming feearts wurdt hieltyd minder brûkt. Yn de lânbousektor spilet de bistedokter in wichtige rol yn de bedriuwsbegelieding yn de feehâlderij. It behanneljen fan in spesifike bistesoarte as groep bistesoarten wurdt differensjaasje neamd. Foar in tal bistesoarten besteane offisjele sertifikaten foar bistedokters, sa binne der sertifisearre hoarnbisteartsen en barge-artsen. Eltse bistedokter hat lykwols it wetlik foech om alle bistesoarten (útsein de minske) te behanneljen. Dêrneist hat de diergenêskunde in tal offisjeel erkende spesjalisaasjes, lykas feterinêre radiology, feterinêre sjirurgy, patology. In bistedokter mei him allinnich spesjalist neame at er yn it offisjele spesjalistenregister opnaam is.

Der binne ek in protte bistedokters dy't gjin bisten behannelje. Sy hawwe bygelyks in bestjoers- beliedsfunksje, binne wittenskipper as ûnderwizer, of wurkje yn de yndustry, bygelyks by in farmaseutysk bedriuw.

Bistedokters hawwe ek in wichte rol by de soarch foar feiligens fan fiedingsmiddelen dy't fan bisten komme. Dat mêd wurdt feterinêre folkssûnens neamd.