Bismarck (Noard Dakota)
| Bismarck | ||
| Kapitool fan Noard Dakota | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 61.272 (2010) | |
| Oerflak | 71 km² | |
| Befolkingstichtens | 797,4 / km² | |
| Stêdekloft | 108.779 | |
| Hichte | 514 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Feriene Steaten | |
| Steat | Noard Dakota | |
| County | Burleigh County | |
| Oar | ||
| Stifting | 1872 | |
| Tiidsône | CST (UTC-6) | |
| *Simmertiid | CDT (UTC-5) | |
| Webside | Offisjele webstee fan Bismarck | |
Bismarck is de haadstêd en twadde grutste stêd, nei Fargo, fan de Amerikaanske steat Noard Dakota. De stêd is ferneamd nei de Dútske steatsman Otto von Bismarck. Yn 1872 waard de stêd stifte en sûnt 1889 haadstêd fan Noard Dakota. Yn 2000 hat it 55.532 ynwenners.
Bismarck leit oan de eastigge fan de rivier Missoury, fuort tsjinoer it plak Mandan.[1] De twa stêden binne it hert fan it Metropolitan Statistical Area Bismarck-Mandan .
It Kapitool fan Noard Dakota is it heechste gebou fan steat, it stekt fier boppe it sintrum fan Bismarck út. De steatsoerheid hat goed 4000 minsken yn it wurk. Sûnensoarch, lyts- en middenbedriuw binne fan belang; Bismarck is it ekonomysk sintrum fan in grut part fan it midssúd Noard-Dakota en it midsnoarden fan Súd Dakota.
[bewurkje seksje] Klimaat
Yn jannewaris is de temperatuer trochstrings -6 °C en yn july is dat 29 °C. Yn de stêd falt by 't winter wol in protte snie.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |