Binnenfeart

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Binnenskipfeart)
Binnenfeartskip

De binnenfeart is in profesjonele bedriuwstakke yn it ferfier, se foarmet in wichtige skeakel yn de Europeeske logistyk. Yn 2002 waard 43% fan alle Nederlânske binnengaatske tonkilometers troch de binennfeart ferfierd. Ta de binnenfeart wurdt ek de Brune float rekkene, dy't yn sjarter passazjiers fart mei histoaryske bedriuwsfartugen.

Yn Fryslân is oant 1969 groeid. Doe sakke it ferkear yn de sektor "wylde feart", gearhingjend mei de delgong yn de koasterfeart en it tanimmen fan it ladingoanbod yn konteners en pakketten (hout). Yn de oare kategoryen gienen de feroarings folle stadiger oan.
De beurt- en kampanjefeart is yn Fryslân hurd weromrûn. Benammen de kampanjefeart út it noarden fan Fryslân wei is stoppe neidat by in tal ruilferkavelings fanâlds bekende farwetters ôfsletten waarden (1970 en letter). Wol is de kampanjefeart út de Noardeastpolder wei noch lang trochgien.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: