Betty Mahmoody

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Betty Mahmoody (9 juny 1945 te Alma, Michigan) is in Amerikaanske skriuwster en aktiviste dy't fral bekend wurden is troch har autobiografysk boek Not Without My Daughter, dat neitiid omset is ta in film mei deselde namme en ek oerset is yn it Frysk ûnder de titel Net Sûnder Myn Famke. It beskriuwt hoe't se mei har Iraanske man Sayed Bozorg Mahmoody en harren dochterke Mahtob nei it heitelân fan har man reizget foar in koarte famyljebesite dy't foar har útrint op in lange finzenskip, en hoe't se úteinlik mei har dochter ûntsnapt.

Mahmoody is foarsitter en mei-oprjochter fan 'e organisaasje One World: For Children ("Ien Wrâld: Foar Bern"), dy't him derop taleit om begryp te kweekjen tusken ferskillende kultueren en dernei stribbet om feilichheid en beskerming te bieden oan bern út ynterkulturele houliken. Hja stalde ek de bondel For the Love of a Child ("Om 'e Leafde fan in Bern") gear, dêr't ferhalen yn samle binne fan âldelju dy't fan harren bern ferfrjemde rekke binne troch tadwaan fan harren bûtenlânske oarehelte.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Mahmoody, Betty, Not Without My Daughter, New York, 1987 (St. Martin's Press).
  • Mahmoody, Betty, Net sûnder Myn Famke, Ljouwert, 1996 (KFFB), ISBN 9 07 49 18 085.