Betty Bloomer Ford

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Betty Bloomer Ford yn 1974.

Betty Bloomer Ford, berne as Elizabeth Ann Bloomer, en better bekend as Betty Ford (Chicago, 8 april 1918Rancho Mirage (Kalifornje), 8 july 2011), wie de frou fan 'e Amerikaanske presidint Gerald Ford. Hja wie second lady fan 'e Feriene Steaten (fise-presidintsfrou) fan 1973 oant 1974, en first lady fan 'e Feriene Steaten (presidintsfrou) fan 1974 oant 1977. Yn dy lêste hoedanichheid wie se aktyf op it mêd fan sosjaal belied, wêrmei't se presedinten skoep foar lettere first ladys. Hja is lykwols it bekendst wurden troch har lange striid tsjin har alkoholferslaving en de dêrfandinne nei har neamde Betty Ford Klinyk foar behanneling fan û.o. alkoholisme.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Jonkheid en karriêre as model en dûnseresse[bewurkje seksje | edit source]

Bloomer waard yn 1918 berne yn Chicago, yn 'e steat Illinois, as it trêde bern en de ienlingsdochter fan William Stephenson Bloomer sr., in omreizgjend ferkeaper fan 'e Royal Rubber Co., en dy syn frou Hortense Neahr. Nei in pear jier yn Denver trochbrocht te hawwen, groeide se op yn Grand Rapids, yn 'e steat Michigan, dêr't se ek de middelbere skoalle trochrûn. Op har fyftjinde, yn 1933, begûn se dêrnjonken te wurkjen as mannekên, wylst se ek dûnsles joech oan bern en mei lichaamlik beheinde bern wurke. Se folge in dûnsoplieding oan 'e Calla Travis Dance Studio, dy't se yn 1935 ôfrûne. Nei't se yn 1936 mei goed gefolch eksamen dien hie foar de middelbere skoalle, sette Bloomer tsjin har memme sin har dûnskarriêre fuort troch twa simmers de heech oanskreaune Bennington School of Dance, yn Bennington, yn Fermont, te besykjen. Neitiid ferfear se nei New York, dêr't se as model wurke en mei in dûnsselskip optrede yn Carnegie Hall.

Betty Bloomer mei 18 jier, yn 1936.

Earste houlik[bewurkje seksje | edit source]

Op oanstean fan har mem, dy't it alhiel net iens wie mei Bloomer har karriêrkar yn in tiid dat respektabele lju net dûnser wiene, kaam se úteinlik werom nei Grand Rapids, dêr't se moade-adviseur yn in warehûs waard. Yn 1934 wie har heit kommen te ferstjerren oan koalmonoksidefergiftiging wylst er yn 'e garaazje mei syn auto ompielde, en neitiid wertroude har mem mei in freon fan 'e famylje, in Arthur Meigs Goodwin. Nei har weromkear nei Grand Rapids wenne Bloomer by har mem en styfheit yn, oant se yn 1942 mei William C. Warren troude, in fersekeringsman dy't se al koe sûnt har tolfde. Foar syn wurk moasten se gauris ferhúzje, en se wenne mei him û.m. yn Toledo, yn Ohio, dêr't se fannijs as model en ek as ferkeapster yn in warehûs wurke, en yn Fulton, yn 'e steat New York, dêr't se produksjewurk die yn in ynferzen-itenswarefabryk. Warren wie in alkoholist, mar krekt doe't Bloomer fan him skiede woe, dronk er himsels yn in koma. Hja kearden doe werom nei Grand Rapids, dêr't se ynwennen by syn heit-en-dy. Bloomer fersoarge har man twa jier lang oant er fierhinne opbettere wie; doe skiede se einlings en te'n lêsten fan him, op 22 septimber 1947. Bloomer hie gjin bern út har earste houlik.

Twadde houlik[bewurkje seksje | edit source]

Op 15 oktober 1948 wertroude se mei Gerald Ford, doe in abbekaat en oarlochsfeteraan, dy't kampanje fierde foar in sit yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. Ut syn eigen eftergrûn wei (syn mem wie koart nei syn berte fan syn heit skieden en in pear jier letter wertroud) koe Ford neat op har tsjin hawwe, mar yn in tiid dat skieden froulju yn it algemien dochs min ofte mear as skansearre waar beskôge waarden, stelde er syn houlik mei har út oant nei't er syn ferkiezing bewissige hie. Want as Republikein stipe er op it konservative diel fan it elektoraat, en hy wie ûnwis hoe't syn houlik mei in skieden âld-dûnseresse yn dy fermiddens opnommen wurde soe. Hoe dan ek, doe't se ienris troud wiene, krigen Ford en Bloomer trije soannen, Michael Gerald Ford (1950), John Gardner Ford (1952) en Steven Meigs Ford (1956), en ien dochter, Susan Elizabeth Ford (1957).

Betty Bloomer Ford (3de f. l.) mei har man Gerald Ford (4de f. l.) en harren bern yn it Oval Office, yn 1974.

First lady[bewurkje seksje | edit source]

De Fords setten har nei wenjen yn 'e Firginyske foarstêden fan 'e Amerikaanske haadstêd Washington, dêr't se in fearnsieu wenjen bliuwe soene. Underwilens klom Gerald Ford stadichoan op troch de politike rangen, oant er yn 1973 troch presidint Richard Nixon frege waard om dy syn fise-presidint Spiro Agnew te ferfangen, dy't ôftrede moatten hie fanwegen beskuldigings fan belestingfraude en omkeaping. Sa waard Bloomer doe fise-presidintsfrou, de second lady fan 'e Feriene Steaten. Dy posysje behold se mar in jier, want yn 1974 moast Nixon sels ek ôftrede fanwegen it Watergate-skandaal. Dêrop moast Ford, as Nixon syn fise-presidint, dy syn termyn folmeitsje, en wie Bloomer dus fan 1974 oant 1977 first lady fan 'e Feriene Steaten.

Betty Bloomer Ford (m.) kriget de Presidinsjele Frijheidsmedalje útrikt troch presidint George H.W. Bush en dy syn frou Barbara (1991).

Har man syn hiele presidintskip troch bleau Bloomer tige populêr ûnder de Amerikaanske befolking, nettsjinsteande it feit dat de konservative fleugel fan 'e Republikeinske Partij har ferspijde om har polityk frijsinnige tinkbylden yn sosjale kwestjes. Sa sette Bloomer har nei har eigen boarstôfsetting yn 1974 yn om froulju bewust te meitsjen fan 'e gefaren fan boarstkanker, en wie se in hertstochtlik foarstanner fan en aktiviste foar it Amendemint oangeande Gelikense Rjochten (ERA), dat frouljusrjochten yn 'e Amerikaanske Grûnwet ferankerje moast. Teffens wie se as feministe mei in liedende posysje yn 'e Amerikaanske Frouljusbeweging foàr it rjocht op abortus. Der wie gjin ûnderwerp sa gefoelich of Bloomer hie der wol in miening oer dy't se mei it Amerikaanske folk diele woe, oft it no gie oer feminisme, gelikense salariëarring foar manlju en froulju, seks, drugs, abortus of wapenbeheining. Fierders fertelde se iepentlik oer har wrakseling mei alkoholisme.

Lettere jierren en dea[bewurkje seksje | edit source]

Nei't Ford yn 1976 de presidintsferkiezings ferlern hie fan syn Demokratyske tsjinstanner Jimmy Carter, en hy en Bloomer dus yn jannewaris 1977 it Wite Hûs ferlitte moasten, bleau hja aktyf yn 'e frouljusbeweging. Yn 1982, nei't se einlings har alkoholferslaving de baas wurden wie, rjochte se de Betty Ford Klinyk (letter it Betty Ford Center) op, om oare alkoholferslaafden en ek drugsferslaafden te helpen. Yn 1991 waard har troch presidint George H.W. Bush de Presidinsjele Frijheidsmedalje takend, de heechste Amerikaanske boargerlike ûnderskieding. Nei de dea fan Gerald Ford, op twadde krystdei 2006, rekke Bloomer almar mear yn 'e minnichte. Hja stoar op 8 july 2011 yn it sikehûs yn har wenplak Rancho Mirage, yn Kalifornje, oan natuerlike oarsaken yn 'e âlderdom fan 93 jier. Se waard begroeven yn Grand Rapids, yn Michigan, njonken har man.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.