Beta Israel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Etiopyske froulje by de Kleimuorre yn Jeruzalim
Kaart fan de Falasja-emigraasjes nei Israel

Beta Israël ('Hûs fan Israel'), meastentiids Falasja (dat balling, frjemdling, ymmigrant betsjut yn de de Ald-Etiopyske taal Ge'ez), is in joadske mienskip en kultuer yn Etioopje.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De Beta Israel komme út de omkriten fan Gondar en Aksum yn Etioopje. Oant 1860 hiene sy it kontakt mei oare Joaden yn de wrâld ferlern. De Britske ûntdekkingsreizger James Bruce skreau yn syn boek Travels to Discover the Source of the Nile (Reizen om de Boarnen fan de Nyl te ûntdekken) foar it earst oer harren.

Yn de folksmûle wurde de Beta Israel in ferlearen stam neamd. De opname yn de Israelyske maatskippij rûn ynearst net fan in leien dakje. Troch de Israelyske regearing waard de Beta Israel yn 1975 as "offisjele" joaden erkend. De minister-presidint fan Israel út dy tiid, Yitzchak Rabin, krige dúdlike regels fan opperrabbyn Ovadia Yosef dat sy legitime ôfstammelingen wiene fan de ferlearen stammen. Lykwols waarden sy allegear wol ferplichte in pro forma halachische religieuze bekearing te dwaan ta it joadendom, fanwege harren ôfwikende gebrûken (û.o. dat it joadendom oergie fan heit op soan). 'Operaasje Mozes' sette op 18 novimber 1984 útein en krige in oantal wiken letter, yn 1985, in abrupt ein, sadat noch altiten Joaden yn Etioopje ferbliuwe.

Sawat de hiele mienskip (goed 50.000) is nei Israel emigrearre ûnder Operaatsje Mozes en Operaasje Salomo, neffens de Wet op Weromkomst fan (1950). Sûnt dy tiid ferbliuwe yn Etioopje fan de Beta Israel allinnich noch Falasjmoera - in mienskip dy't har ta it kristendom bekeare litte hat - en in lytske mienskip fan út Jemen ôfkomstige Joaden yn Addis Abeba.

Yn augustus 2013 wurdt melden dat de lêste 450 Etiopyske Joaden yn Israel arrivearen. Dêrmei is in ein kommen oan de massale ymmigraasje. Sûnt it ûntstean fan de steat Israël hawwe mear as 90.000 Falasja nei Israel gien.

Komôf/ûntstean[bewurkje seksje | edit source]

Neffens de tradysjes fan de Beta Israel stamme sy ôf fan Joaden dy't mei Menelik I nei Etioopje kamen. Menelik I soe de soan fan Salomo en de keninginne fan Seba west hawwe. Lykwols stiet yn de Tenach neat optekene oer in relaasje tusken de keninginne fan Seba mei kening Salomo. By de Beta Israel giet it ferhaal rûn dat de keninginne op besite wie by de Joadske kening en nochal ûnder de yndruk wie fan syn rykdom en wize praat, en hja joegen elkoar geskinken. Dêrnei gie de keninginne werom nei har folk yn Koesj.

Yn Israel binne der gelearde rabbinen dy't beweare dat de Beta Israël it neiteam binne fan de ferlearen stam fan Dan, dy't oarspronklik ôfstamje fan aartsfader Jakob syn tolve soannen, dy't de grûnlizzers binne fan de oarspronklike tolve Joadske stammen. It folk fan Dan festige in Joadsk keninkryk yn Afrika dat hûnderten jierren stân hâlden hat. Mei de komst fan it kristendom en letter de islam ûntstie spul tusken de trije keninkriken dy't elkoar befochten, mooglik wienen der ek mear as trije yn Afrika. Lang om let bleau fan it Joadske keninkryk net folle mear oer as in lyts ferearme partsje.

Oare rabbinen, lykas Tzitz Eliezer en Rabbi Moshe Feinstein, beweare dat oan it Joadsks-wezen fan de Beta Israël hiel bot twifele wurde mei en dat bekearing ferplicht is, en dus mear as inkel in formaliteit.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]