Bertha fan Hollân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bertha fan Hollân
Bertha fan Hollân
Bertha fan Frankryk
libben
berne ? - 1055
ferstoarn ? - 1094
Montreuil-sur-Mer
heit Floaris I fan Hollân
mem Geertruida fan Saksen
houlik
datum ? - 1073
partner Filips I fan Frankryk
bern 1 - Loadewyk VI
Keninginne fan Frankryk
perioade 1073 - 1092
foargonger -
opfolger -

Bertha fan Hollân1055 - 1094) wie de dochter fan greve: Floaris I fan Hollân en de styfdochter fan Robrecht I fan Flaanderen, dy’t ek har foud wie. Se wie troud mei kening Filips I fan Frankryk. Yn 1092 waard se ferstjitten en moast se it hof ferlitte. Yn 1094 is se ferstoarn yn it kastiel fan Montreuil-sur-Mer. Har soan Loadewyk VI waard kening fan Frankryk.

Houlikspolityk[bewurkje seksje | edit source]

Har houlik mei de Frânske kening yn 1073, hie politike redenen. Har styfheit, Robrecht, hie him nei de dea fan syn broer mei geweld de greeflike titel oer Flaanderen taeigene. Yn dy striid hie de Frânske kening de wetlike troanopfolgers stipe. It houlik wie wierskynlik in ûnderdiel fan in fredesregeling tusken Robrecht I en Filips I.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]