Bert Natter

Ut Wikipedy
Bert Natter by it BoekenFEST 2016 yn Assen

Bert (Egbert) Natter (Baarn, 19 jannewaris 1968) is in Nederlânske skriuwer, útjouwer en sjoernalist. Hy publisearre ferskate (jeugd)boeken en skreau Het Rijksmuseum Kookboek (2004). Syn literêre debút is de roman Begeerte heeft ons aangeraakt (2008).

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bert Natter is hikke en tein yn Baarn. Hy gie nei it Baarnsch Lyceum en siet in jier op de Werkplaats Kindergemeenschap yn Bilthoven. Yn 1988 gie hy Nederlânsk studearjen oan de Universiteit fan Amsterdam. In stúdzje dy't hy net ôfmakke hat. Yn 1990 gie hy as redakteur wurkjen by Utjouwerij Kwadraat yn Utert, dêr't hy doe ek wenne. Yn 1995 ferhuze hy werom nei Baarn en waard hy útjouwer by de dêr fêstige Utjouwerij De Prom/De Fontein, dy't ûnder lieding stie fan skriuwer/biograaf Wim Hazeu. Yn 2001 waard hy haadredakteur fan it treintydskrift Rails, dêr't hy nei mear as in jier wei gie om freelance sjoernalist te wurden. Hy skreau ûnder oaren kollumns, essays en artikels oer keunst en kultuer foar it Utrechts Nieuwsblad, AD Magazine, Oog, WahWah en De Revisor.

Sûnt de middelbere skoalle wurke hy yn de mande mei syn freon Ronald Giphart oan ferskate boeken en publikaasjes. Se hâlde tegearre, mei noch in tal oare skriuwers, in weblog by dat troch Natter inisearre waard: de papieren wereld.

Yn 2004 publisearre hy Het Rijksmuseum Kookboek. Foar dit ryk yllustrearre boek lieten tsien masterkoks har ynspirearje troch de pracht en preal fan Hollânske santjinde-iuwske skilderijen. Tegearre mei Kees Zandvliet, destiidsk haad fan de ôfdieling Nederlânske Skiednis fan it Ryksmuseum, stelde hy De historische sensatie gear. Yn 2005 ferskynde ek Rembrandt, mijn vader, in histoaryske roman foar jong en âld. As amateurkeunsthistorikus hat Natter yn dit boek in oertsjûgjende teory oandroegen oer de tsjutting fan Rembrandt syn masterwurk Het Joodse Bruidje. Dizze teory helle destiids de foarside fan NRC Handelsblad en Natter skreau der in wiidweidich wittenskiplik artikel oer yn it Bulletin fan it Ryksmuseum.

Syn debútroman Begeerte heeft ons aangeraakt is bestimpele ta ien fan de bêste boeken fan 2008. Hy is bekroand mei de Selexyz Debútpriis 2009 en mei de Lucy B. en C.W. van der Hoogtpriis 2010, dy't op 29 maaie útrikt waard. Ek krige syn debút in fermelding op de longlist fan de Academica Debutanten Priis 2009, in earfolle fermelding foar de Anton Wachterpriis 2008 en in nominaasje foar de Halewijnpriis 2008. Bert wurket oan syn twaddde roman, dy't yn de rin fan 2011 útkomme sil.

Bert Natter is troud mei Hester Kuiper, konservator by Slot Zuylen. Tegearre hawwe se twa dochters.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1993 - Kwadraats Groot Literair Lees Kijk Knutsel en Doe Vakantieboek (as Brett Tanner, tegearre mei Arnold Hitgrap (Ronald Giphart) en mei tekeningen fan Coen Reidingk (Eric de Koning))
  • 1994 - Over Hebban olla vogala en Connie Palmen (koart literatueroersjoch), Utjouwerij Kwadraat
  • 1995 - De beste schrijver van Nederland (roman) (ko-auteur - mei Ronald Giphart), Utjouwerij Podium B.V. - ISBN 9789057593000
  • 1997 - De ontdekking van de literatuur (mei Ronald Giphart)
  • 1999 - Willem de Dikke. De wondere avonturen van onze kroonprins (yn de mande mei Ronald Giphart), Utjouwerij Arbeiderspers - ISBN 9789029521499
  • 2005 - De grondbeginselen van het goede leven : de brief aan Menoeceus en andere geschriften, Utjouwerij Bakker - ISBN 9789035127876
  • 2005 - De historische sensatie (tegearre mei Kees Zandvliet)
  • 2005 - Hitlers Tafelgesprekken, Utjouwerij Prom - ISBN 9789068010572
  • 2005 - Rembrandt, mijn vader, Utjouwerij Thomas Rap - ISBN 9789060055939
  • 2006 - Het Rijksmuseum Kookboek (ek oersetten yn it Ingelsk), Utjouwerij Thomas Rap - ISBN 9789060052945
  • 2006 - Het stormachtige leven van De Spiegel, Utjouwerij De Bezige Bij - ISBN 9789060056424
  • 2007 - Trompenburg, Utjouwerij Nieuw Amsterdam - ISBN 9789086890248
  • 2008 - Begeerte heeft ons aangeraakt, Utjouwerij De Bezige Bij - ISBN 9789060059203
  • 2012 - Hoe staat het met de liefde?, Thomas Rap
  • 2015 - Remington, Thomas Rap - ISBN 978-94-004-0270-6
  • 2015 - Goldberg, Thomas Rap - ISBN 978-94-004-0358-1
  • 2018 - Ze zullen denken dat we engelen zijn, Thomas Rap - ISBN 978-94-004-0764-0

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: