Bert Bakker (útjouwer)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Lambertus Jozef (Bert) Bakker (Huzum (Ljouwert), 3 april 1912 - Ilpendam, 19 septimber 1969) wie in Nederlânsk skriuwer en útjouwer.

Bakker skreau in stikmannich letterkundige stúdzjes, twa romans, poëzij en berneboeken. Un de Twadde Wrâldkriich wie er belutsen by it ferset en wurke er mei oan it yllegale blêd Vrij Nederland. Nei de befrijding waard er iennichst direkteur fan de útjouwerij Bert Bakker. Yn 1953 rjochte er it literêr moanneblêd Maatstaf op; oant 1969 wie er dêr direkteur fan. As útjouwer by Bert Bakker/Daamen hie er in soad súkses mei de rige Ooievaar Pockets 'dêr't yn earste ynstânsje 199 fan ferskynden. Yn 1972 ferskynde de lêste Ooievaar fan de rige, mar yn april 1991 waard in nije rige Ooievaars op priemmen set. De searje begûn mei nûmer 266 oant en mei 305, dêrnei ferskynde Ooievaars dy't net mûmere wienen.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • Au revoir (1934, poëzy)
  • De spannende zomer van Botte Spoelstra (1935, jeugdboek)
  • Drijfzand (1935, roman)
  • Een held op sokken (1935, jeugdboek)
  • Reizigers (1935)
  • Sjefs eerste luchtreis (1935, jeugdboek)
  • Ieder is alleen (1937, roman)
  • A. Roland Holst (1958)
  • S. Vestdijk (1958)
  • J. Slauerhoff (1961)
  • Pierre Kemp (1961)
  • Anna Blaman (1966)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]