Bernlef (skriuwer)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bernlef

Bernlef, skûlnamme fan Hendrik Jan Marsman (14 jannewaris 1937) is in Nederlânske skriuwer en dichter. Oant 2002 ôf publisearret er ûnder de skûlnamme J. Bernlef (mei in foarletter J.).

[bewurkje seksje] Eftergrûn

Bernlef is berne yn Sint Pankras. Hy debutearre yn 1960 as dichter mei "Kokkels" en yn itselde jier as praozaïst mei "Stenen spoelen". Foar "Kokkels" krige hy yn novimber 1960 de Reina Prinsen Geerligspriis. Yn 1984 krige hy by in grut publyk bekendheid mei de roman "Hersenschimmen" wêryn't hy it dementearingsproses beskriuwt út it eachweid fan in dementearjende man. It boek waard ferfilme troch Heddy Honigman.

Yn 1994 wûn Bernlef de P.C. Hooftpriis.

Bernlef hat ek publisearre ûnder de nammen Ronnie Appelman, J. Grauw, Cas den Haan, S. den Haan en Cas de Vries.

De skûlnamme Bernlef is ûntliend oan de bline Fryske dichter mei deselfe namme út de 8e ieu.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen