Berneprostitúsje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In byldsje fan njoggentjinde-ieuske berneprostitúsje yn Jeropa.

Berneprostitúsje is it foar kommersjele doelen eksploitearjen fan minderjierrigen, wêrby't dy harsels prostituëarje foar finansjeel gewin. Yn 'e measte lannen besteane der wetten dy't berneprostitúsje spesifyk ferbiede. Likegoed komt it noch in soad foar, benammen yn ûntwikkelingslannen. Yn it bysûnder steane beskate lannen yn Súdeast-Aazje derom bekend, nammentlik: Tailân, Kambodja en de Filipinen. Mar it komt ek op oare plakken foar, lykas yn Yndoneezje, Yndia en Brazylje. Neffens ûndersyk soene der wrâldwiid wol 10 miljoen bern yn 'e prostitúsje sitte kinne.

Faak wurdt berneprostitúsje organisearre en ôftwongen troch ien of mear folwoeksenen, mar it komt ek foar yn 'e foarm fan "oerlibbingsseks" (survival sex), wêrby't strjitbern tastimme yn it hawwen fan seksuële omgong mei klanten om't se gjin oare manear hawwe om te oerlibjen. As klanten spesjaal út oare lannen (dêr't berneprostitúsje frijwol útband is) oerkomme om geslachtsferkear mei bern hawwen, hjit dat sekstoerisme. Yn it Westen hawwe in protte lannen tsjintwurdich wetten oannommen sadat sokke sekstoeristen ek yn eigen lân oanpakt wurde kinne. De Feriene Naasjes hawwe ferklearre dat berneprostitúsje ûnder it ynternasjonaal rjocht yllegaal is, en ferskate kampanjes wurde fierd en organisaasjes binne oprjochte om it te bestriden.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.