Bern (jeugd)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde noege dêr in begjin mei te meitsjen.


Yn it Ferdrach oangeande de Rjochten fan it Bern wurdt ûnder in bern ferstien, elk minske jonger as 18 jier, útsein neffens de op it bern fan tapassing wêzende rjocht de mearderjierrichheid earder berikt wurdt. Mar yn it deistige spraakgebrûk yn Nederlân wurdt ûnderskied makke tusken 'bern' en 'jongerein' of 'jeugdigen', ek wol 'pubers' neamd. Fan sa'n 12-14 jier ôf wurdt it wurd bern net mear brûkt. De jeugd is de perioade fan bern wêze, en ek de sammelnamme foar de bern. Soms wurdt it foarheaksel "jeugd-" ûnderskieden yn "berne-", wêrby't it earste slacht op wat âldere bern.

Yn it wittenskiplik taalgebrûk wurdt ûnderskied makke tusken 'bern' en 'adolesinten'

Yn de moderne tiid is de rol fan it bern oars as yn eardere tiden (sjoch ûnder).

Moderne tiid[bewurkje seksje | edit source]

Poppe[bewurkje seksje | edit source]

Niisberne poppe

In poppe is in bern oant sawat 1 jier.

In poppe wurdt berne mei inkele refleksen mar ûntwikkelt him mei ferrin fan tiid lichaamlik en geastlik. In poppe leart ûnder oare om te sitten, te stean en te rinnen, dit binne rûge motoryske ûntwikkelingen. Mei't de poppe in soad yn oanrekking komt mei syn âlden leart hy om te reagearjen op oare minsken. Dit is in sosjale ûntwikkeling. In poppe ûndergiet ek in soad 'fine motoryske ûntwikkelingen' hy leart mei syn fuotsjes te boartsjen en blokjes op te krijen. In poppe wurdt sa'n trije kear swierder as by syn berte en ûngefear oardel kear sa lang.

Kreut[bewurkje seksje | edit source]

In kreut is in bern fan sa'n 1 oant 2 jier. In kreut leart ûnder oare boartsjen, tuorkes mei blokjes te bouwen, treppen rinne en tsjin in bal te skoppen. Benammen de taalferwerving giet no tige hurd foarút.

Pjut[bewurkje seksje | edit source]

In bern tusken de oardel en de 4 jier wurdt in pjut neamd. De taalferwerving nimt eksplosyf ta en ek kognitiveve feardichheden ûntwikkelje har hurd. De groeisnelheid fan it bern nimt ôf fan ûngefear 25 sintimeter jiers nei sawat 8 sintimeter jiers. In pjut leart syn wrâld kennen en komt behinderingen tsjin, lykas dingen dy't net meie fan syn âlden. Ek leart de pjut dat hy in yndividu is en leart himsels los te sjen fan syn âlden. Dit kin liede ta driftbuoien, ek wol oantsjutten as de "pjutterpuberteit".

Beuker[bewurkje seksje | edit source]

In beuker is in bern fan ûngefear 3 oant 6 jier. Nei't in bern âlder wurdt is der mear ynfloed fan bûtenôf nedich om nije funksjes te ûntwikkeljen. In beuker giet foar it earst nei de basisskoalle dêr't hy in soad leare kin. Beukers leare ûnder mear om te kleurjen, tekenjen en de begjinsels fan it lêzen, skriuwen, knutseljen, klimmen, fytsen, fiterjen en mei oare bern te boartsjen. In beuker groeit gemiddeld 8 sintimeter yn it jier.

Skoalbern[bewurkje seksje | edit source]

Irakees skoalbern

In skoalbern is in bern fan 6 - 12 jier. Yn Nederlân leart in bern dan ûnder oare skriuwen, lêzen en rekkenjen. Learen spilet dêrby in grutte rol. Motoaryske feardichheden kinne no oanleard wurde. Skoalbern geane nei klups en ferienings, dêr't ûnder oare swim- en muzykles jûn wurdt, of stappe nei it dieltieds keunstûnderwiis. Oer it generaal is der in hieltiten gruttere fariaasje yn prestaasjes tusken yndividuele bern. Famkes wurde úteinlik earder ryp as jonges die wat letter folgje. Yn dizze leeftiid sille de bern geandewei mei jild omgean leare en krije se bûsjild fan harren âlden.

It tinken wurdt noch altiten sterk behearske troch wat it bern waarnimt. It bern sjocht noch gjin gearhingen, noch gjin oarsaak-gefolch-ferbannen. Dat betsjut dat it noch net tinkt: as ik earst dit doch, dan bart er dit en dêrnei dat.

Puber[bewurkje seksje | edit source]

In puber is in bern fan 12 oant en mei 17 jier.

Yn de puberteit binne der in soad feroarings op biogemysk nivo mei gefolgen foar lichaamlike skaaimerken en emoasjonele en sosjale ûntwikkeling. By in puber begjinne de fuortplantingsorganen te wurkjen en komme ûnder ynfloed fan hormonen de sekundêre geslachtsskaaimrken ta ûntwikkeling. Dit is de perioade wêryn de puber fan alles ûntdekt, kwa seksualiteit, en nei in partner (freontsje) omsjocht. Televyzje, ynternet en lêsblêden spylje yn dy syktocht in grutte rol. Ek krije pubers in saneamde groeispurt wêrtroch't se folle hurder groeie as foar de puberteit. Yn westerske lannen folgje pubers meastal ûnderwiis oan in middelbere skoalle, bygelyks beropsûnderwiis of algemien fuortset ûnderwiis. Guon pubers hawwe foar it earst in baan of fakânsjewurk (bygelyks krantebesoarger, fakkefullers yn in supermerk) om jild te ferrtsjinjen.

Adolessint[bewurkje seksje | edit source]

Lannen en talen ferskille yn de leeftiidsperioaden dy't mei adolesinsje oantsjutten wurde. Foar it Nederlânske taalgebiet is it wurd adolesinsje yn de wittenskiplike literatuer yn it plak komd fan de leeftiidsperioade dy't earder mei puberteit oantsjutte waard. Tsjintwurdich is dit de perioade tusken puberteit en folwoeksenheid. Yn dizze perioade is de seksualiteit tige wichtich, en feroarje in soad 'ûnsekerheden' yn 'sekerheden'. De adolesint is 'dwaande om folwoeksen te wurden'. Sjoch bygelyks it wittenskiplik tydskrift Kind & Adolescent.

It bern yn earder tiden[bewurkje seksje | edit source]

Lykas al bliken docht út de needsaak de rjochten fan it bern te beskriuwen, wienen dizze net altiten fanselssprekkend. Ut de Midsieuwen is bekend dat bern net oars sjoen waarden as lytse folwoeksenen. Ut de tiid fan de yndustriële revolúsje is bekend dat bern as folweardige arbeidskrêften ynsetten waarden, wat oars yn in sommige lannen noch altiten bart. De moderne opfetting oer de ûntwikkelingsstadia fan it bern binne ûntstien yn de rin fan de foarrige ieu. De biografy fan Constantijn Huygens en syn broer Maurits sketst bygelyks in heul oar opfiedingsbyld: in strikt en yntensyf opliedingsprogramma fan lyts ôf oan mei net folle romte om frij te boartsjen.