Springe nei ynhâld

Berend Berenstein

Ut Wikipedy
Berend Samuel Berenstein

Berend Samuel Berenstein (Ljouwert, 1808 - De Haach, 16 desimber 1893) wie in Nederlânsk rabbyn.

Nei it ferstjerren fan syn heit Samuel Berisch Berenstein waard er yn Amsterdam rabbinaal assessor. Yn 1848 waard er yn De Haach ta oerrabbijn keazen as opfolger fan J.A. Lehman. It oerrabbinaat fan Utert en Seelân hie er tagelyk op 'e noed. Bernstein syn leardens wie ferneamd en syn preken tsjûgen dêr geregeldwei fan. Mei de oprjochting fan de Vereeniging voor joodsche letterkunde en geschiedenis joech er de stjit ta it populêrder wurden fan de joadske wittenskippen.

Hy wie boaske oan syn nicht Sarah Behrend.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nij Nederlânsk Biografysk Wurdboek (NNBW), BERENSTEIN, Berend (D.S. van Zuiden, De Hoogduitsche Joden te 's Gravenhage