Beortrik fan Wesseks

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Portret fan Beortrik yn in 13e ieusk manuskript

Beortrik (Aldingelsk: Beorhtric of Beorhtric wat betsjut 'Geweldige hearsker'), (ûnbekend - 802) wie kening fan Wesseks fan 786 oant syn dea en wurdt neamd yn de Angelsaksyske Kronyk.

Yn 786 folge Beortrik Cynewulf fan Wesseks nei dy syn dea op as kening fan Wesseks. Trije jier letter troude Beortrik mei Eadburh, dochter fan Offa, de kening fan Mercia. Itselde jier hie er te krijen mei de earste oanfallen fan de Wytsingen op Ingelân; Dat barde oan de kust fan Dorset by Isle of Portland. Yn 802 stoar Beorhtric en waard begroeven yn Wareham, yn Dorset.[1] Nei syn dea folge Egbert fan Wesseks him op.

Letter skreaun Asser, in gelearde oan it hof fan Alfred de Grutte, dat Beortrik sûnder opset sin troch syn frou, Eadburh, ferjûn waard. Hja flechte doe nei in frouljuskleaster yn Francia, dêr't hja letter útset waard omdat sy mei in man betrape wêze soe. Oft dit ferhaal kloppet is ûnwis.

Yn 1854 waard der in selsume munt fûn dêr't Beortrik op neamd stiet.[2]


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Anglo-Saxon Chronicle, jier 784 en 787 (mei misrekkening fan 2 jier)
  2. Munt mei Beortrik