Benefysjaalboek

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Side út in Benefysjaalboek

In Benefysjaalboek is in gemeentlik boek mei listen oer grutte, grinzen en jierlikse opbringsten fan de patroans, pastorije-, fikary en prebindeguod fan alle Fryske parochys binnen harren grûngebiet.

Yn 1542 joech Karel V de Friese gemeenten opdracht om Benefysjaalboeken oan te lizzen. Dizzen binne foar it meastepart fan de stêden en gritenijen bewarre bleaun. Allinnich Frjentsjerteradiel, Aenjewier, Gaasterlân, Skoatterlân en ferskate doarpen ûntbrekke. Der bestiet in útjefte fan, yn 1774 printe mar earst yn 1850 troch J. van Leeuwen publisearre. Omdat in faak brûkte en detaillearre boarne is, dy't in skerp ynsjoch jout yn de finansiering fan de midsieuske Fryske parochytsjerken en harren betsjinners, en boppedat in soad nammen en gegevens oer it brûken fan lân jout, binne der plannen om in analoge én in digitale útjefte te meitsjen.

De Fryske Akademy is fan doel om de teksten fia de website beskikber te stellen. Boppedat sil dan in register op namme en in register op plak gearstald wurde.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels