Ben Gazzara

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ben Gazzara yn 1955
Foto Carl van Vechten

Biagio Anthony Gazzara (New York City, 28 augustus 1930) is in Amerikaansk akteur. Syn âlden wienen fan Italjaansk komôf.

Wurkpaad[bewurkje seksje | edit source]

Yn de jierren 50 wie Ben Gazzara te sjen yn ferskate Broadway-shows. Sa spile er de haadrol yn Cat on a Hot Tin Roof, in produksje regisearre troch Elia Kazan. Letter kaam de film Cat on a Hot Tin Roof, mar de haadrol gie nei Paul Newman. Totaal waard Gazzara yn syn karriêre trijeris nominearre foar in Tony Award.

Ein jierren 50 wie er mear as ien kear te sjen yn bekende films. Hy hie in rol yn The Anatomy of a Murder (1959) fan Otto Preminger. Letter joech er stal oan de haadrol yn The Bridge at Remagen (1969).

Gazzara wurke geregeldwei mei regisseur John Cassavetes. Yn 1970 spile er neist Peter Falk yn Husbands, regissearre troch Cassavetes. Yn 1975 wienen sy tegearre te sjen yn Capone, dêr't Gazzara de wreedferneamde gangster Al Capone yn delsette. In jier letter naam Gazzara de haadrol yn The Killing of a Chinese Bookie (1976) foar syn rekkening; dy film, ek regisearre troch Cassavetes waard gjin kommersjeel súkses, mar wol in kultfilm.

Yn de rin fan de jierren waard Gazzara in protte frege foar byrollen. Sa wie er te sjen yn ferneamde produksjes as The Big Lebowski (1998), Happiness (1998), The Thomas Crown Affair (1999) en Dogville (2003). Dat foel net ta omdat yn 1999 kielkanker by Gazzara fêststeld waard. Hy krige in gemokuer en fermeagere bot ûnder de behanneling.

Der waard grute dat Gazzara in skoftke in ferhâlding hie mei aktrise Audrey Hepburn. Ein jierren 70 wiene hja tegearre te sjen yn Bloodline (1979) en They All Laughed (1981). Gazzara wie fan 1951 oant 1957 troud mei Louise Erickson. Fan 1961 oant 1979 wie er troud mei aktrise Janice Rule om yn 1982 fierder te gean mei it Dútse model Elke Krivat, mei wa't er noch altyd troud is.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]