Ahmed Ben Bella

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Ben Bella")
Gean nei: navigaasje, sykje
Ben Bella (rjochts) nei syn arrestaasje troch it Frânse leger yn 1956

Ahmed Ben Bella (Arabysk:أحمد بن بلّة; sekuerder transliteraasje: Aḥmad bin Billaẗ; folút: Muhammed Ahmed Ben Bella; Maghnia (Algerije), 25 desimber 1918 - Algiers, 11 april 2012) wie de earste presidint fan it ûnôfhinklik Algerije. Hy wie it gesicht fan de Algerynske ûnôfhinklikheidsoarloch en wie fan 1963 oant 1965 presidint.

Yn de Twadde Wrâldoarloch tsjinne Ben Bella yn it Frânse leger. Ben Bella rjochte yn 1954 it Nasjonaal Befrijingsfront (FLN) op, dat tsjin de Frânske oerhearsking stried. Yn 1956 waard hy troch Frankryk finzen nomd. Nei de ûnôfhinklikheid yn 1962 gie Ben Bella werom nei Algerije, dêr't hy in jier letter ta presidint keazen wurde soe. Yn 1965 waard Ben Bella ôfsetten omdat hy te diktatoriaal wêze soe. Oant 1982 libbe hy as balling yn Frankryk.